Ynwenner fan Drachten (78) posityf test op coronafirus

By in 78-jierrige man fan Drachten is it coronafirus fêststeld. Dat hat de Veiligheidsregio Fryslân woansdeitemoarn bekend makke. De man hie tegearre mei syn frou op famyljebesite west yn Noard-Brabân. Nei thúskomst krige de man sykteferskynsels.
Ynwenner fan Drachten (78) posityf test op coronafirus
Nei oerlis mei syn húsdokter is de pasjint opnaam yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. By dizze opname is de pasjint testen op it influenza- en coronafirus. Ut dy tests die bliken dat de man it coronafirus, ek wol COVID-19, hat.
Op tiisdei 10 maart is de pasjint, dy't oan de betterjende hân wie, nei hûs stjoerd. Dêr ferbliuwt hy no yn thúsisolaasje.
© Shutterstock

Kontaktûndersyk

GGD Fryslân hâldt de pasjint en syn frou yn de gaten en is begûn oan in kontaktûndersyk. Dêrmei wurdt yn kaart brocht mei wa't dizze pasjint kontakt hân hat. Kontakten fan de pasjint sille troch de GGD Fryslân benadere wurde. Mochten dizze persoanen klachten krije dy't passe by it coronafirus, dan krije se rjochte advizen.
It RIVM en de GGD bliuwe alert op nije gefallen en passe by elke nije pasjint it dan jildende protokol ta. Dêrmei wurdt de kâns ferlytse dat de sykte him yn Nederlân ferspriede kin.

Nij Smellinghe gewoan iepen

Sikehûs Nij Smellinghe seit gewoan iepen te wêzen en alle ôfspraken gean troch. "Je kunt veilig ons ziekenhuis bezoeken. Je loopt geen verhoogd risico", skriuwt it sikehûs.
Wat kinst dwaan om fersprieding fan it firus te foarkommen?
Minsken dy't koarts en lêst fan de luchtwegen hawwe en dy't de ôfrûne twa wiken yn in lân of regio west hawwe dêr't coronafirus hearsket, moatte telefoanysk kontakt opnimme mei de húsdokter. Ek as se de ôfrûne twa wiken kontakt hân hawwe mei in besmette pasjint mei it firus.
Foar mear ynformaasje en antwurden op fragen ferwiist it RIVM nei harren webside. Minsken kinne ek kontakt opnimme mei GGD Fryslân op 088 22 99 222.