Opnij finansjele tsjinslach foar Biosintrum yn Easterwâlde

11 mrt 2020 - 08:41

Der driget op 'e nij in finansjele tsjinslach foar it Biosintrum yn Easterwâlde. By in riedskommisjegearkomste fan de gemeente Eaststellingwerf tiisdeitejûn die bliken dat it projekt mooglik wer net foldocht oan de subsydzjebetingsten fan de provinsje. It weromfoarderjen fan dy subsydzje soe nei alle gedachten it definitive ein betsjutte kinne fan it sintrum.

Foto: Omrop Fryslan

Ta fernuvering fan de riedsleden melde wethâlder Fimke Hijlkema (PvdA) dat der in provinsjale subsydzjebetingst bestiet dat it Biosintrum in bepaald sertifikaat ha moat. It giet om de heechst helbere duorsumensbeoardieling, op it mêd fan konstruksje en it gebrûk fan in gebou: it 'BREAAM Outstanding'-keurmerk. It Biosintrum foldocht noch hieltyd net oan dy betingsten.

Neffens Hijlkema is der in list makke mei alle tekoartkommings, sadat it Biosintrum dat sertifikaat wol krije kin. It fuortwurkjen fan dy tekoartkommings kostet neffens Hijlkema 34.000 euro. Dat jild hat de ried noch net beskikber steld. Foar BREAAM is der in falbile: alles moat uterlik in jier nei de iepening regele wêze. Dat betsjut dat de wethâlder oant 7 juny hat om dochs noch oan de betingsten te foldwaan.

Provinsje kin 1 miljoen weromfoarderje

Rint it Biosintrum dat sertifikaat mis, dan wurdt net foldien oan de subsydzjebetingsten fan de provinsje en dan soe de provinsje de al betelle 1 miljoen euro foar it projekt weromfoarderje kinne. En dan is de nachtmerje kompleet foar it sintrum, dat no al wankelet troch alle finansjele ôffallers by de ynvestearrings- en de eksploitaasjeproblemen. Gjinien fan de oanwêzige riedsleden hat oait earder fernaam dat der in keppeling bestie tusken de sertifisearring en de ien miljoen euro fan de provinsje.

Moasje fan wantrouwen

Yn de foarige riedsgearkomste oerlibbe boargemaster Harry Oosterman in moasje fan wantrouwen fanwege it achterhâlden fan ynformaasje oer de tekoarten by it Biosintrum. No moat it kolleezje opnij op fersyk fan ûnôfhinklik riedslid Simon ter Heide útlizze oft en wannear't de ried dit nijs meld is. "Dat had namelijk wel gemoeten, een lastig punt", seit Ter Heide. Foar safier bekend stie it nea yn in riedsfoarstel.

Wethâlder Hijlkema beloofde te achterheljen oft de ried ea ynformearre is, mar koe dat sels ek net heuge. De VVD neamde it nijs 'tige ferûntrêstend' sjoen de foarskiednis. Foar Marcel Moes fan Stellingwerf PLUS wie it reden om no al stipe te sykjen yn de kuiergongen foar in riedsenkête oer it folsleine Biosintrum-dossier. Hijlkema: "We moeten echt proberen de certificering rond te krijgen."En as dat net slagget? "Dan moeten we gaan onderhandelen met de provincie."

(advertinsje)
(advertinsje)