MCL hâldt hiele ôfdieling frij om eksploazje fan coronagefallen op te fangen

11 mrt 2020 - 08:10

It Ljouwerter sikehûs MCL hat in hiele ôfdieling klear om eventuele coronapasjinten yn isolaasje op te fangen. Dat meldt in wurdfierder fan it sikehûs. Mar it freget hiel wat fan it personiel om dy ôfdieling yn gebrûk te nimmen.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Fryske sikehûzen nimme maatregels om de útbraak fan it coronafirus de baas te kinnen. Se binne stranger as oars yn it útdielen fan mûlkapkes en oare beskermingsmiddels. Pasjinten dy't it firus ha kinne, besykje se bûten de doar te hâlden, en isolaasjekeamers wurde klearmakke om pasjinten op te fangen dy't thús net yn karantêne kinne.

Acht isolaasjekeamers

Yn it MCL binne acht fan sokke isolaasjekeamers. As der mear pasjinten komme, kinne dy op in spesjale ôfdieling telâne. Dy stiet no noch leech.

Op dy ôfdieling binne fyftjin bêden, en as it moat kinne der noch fyftjin by, seit wurdfierder Gerard Akkerman fan it MCL. "Dan staan er twee bedden op één kamer."

Net yn it restaurant

De ôfdieling wurdt net samar iepene. Dat soe hiel wat freegje fan it personiel. "De mensen die op die afdeling werken, kunnen dan niet eten in het bedrijfsrestaurant, en ze moeten door een andere deur naar buiten toe."

Yn it MCL komt alle dagen in spesjaal coronateam byelkoar, om de aktuele situaasje te bepraten.

Trefwurden: 
sikehûs MCL coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)