GGD: yn Fryslân foarearst gjin sprake fan 'sosjale ûnthâlding'

Der hat al in oantal meldingen fan mooglike coronafirusgefallen west yn Fryslân. Tiisdei waard bekend dat in pear fan De Gordyk it firus oprûn hat. Sy sitte, tegearre mei harren soan, yn thúsisolaasje. De GGD is fuortendaliks mei in ûndersyk begûn, om út te finen wêr't it firus wei kaam en oft it him fierder ferspraat hat.
Lês al ús nijs omtrint it coronafirus op ús dossierside.
© Omrop Fryslân
De soan fan it stel wie mooglik ek besmet, mar út tests fan de GGD die bliken dat dat net it gefal wie. Ek waard der in skoftke fan in meiwurker fan Friesland Lease yn Drachten tocht dat er besmet wie. Syn test wie lykwols ek negatyf. It bedriuw hie út foarsoarch njoggen meiwurkers nei hûs ta stjoerd.

Kontaktûndersyk

Neffens Margreet de Graaf fan de GGD is der noch net sa'n soad feroare sûnt tiisdei. "It kontaktûndersyk rint. En elke dei dogge we tests, en net allinnich wy, mar ek de húsdokters en it sikehûs." As in persoan posityf test wurdt, besiket de GGD yn kaart te bringen mei wa't de pasjint yn kontakt west hat yn de besmetlike perioade. Dat is de perioade fanôf de earste syktedei fan de pasjint - de dei dat ien begjint te hoastjen of koarts krijt - oant it lêste kontaktmomint dat de pasjint mei ien hân hat. De Graaf: "Dêr doch ik fierder gjin útspraken oer, want it giet oer minsken har persoanlik libben. Mar der wurdt hurd oan wurke."

Aparte keamer

Op de skoalle fan de Gordykster jonge wiene al soargen oer hoe't it no komme soe mei de sûnens fan de bern op de skoalle. It firus kin lykwols allinnich oerdroegen wurde troch in siik persoan. "Op klean oerlibbet it firus net sa lang", leit De Graaf út. Om foar te kommen dat de jonge dochs siik wurdt, wurdt hy thús ek wer yn in aparte keamer fan syn âlden isolearre. "Sadree't sy 24 oeren klachtfrij binne, kinne se wer fierder mei harren libben. Dan binne se ek gjin gefaar mear foar oaren."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân

Sosjale ûnthâlding

Yn Noard-Brabân waard tiisdei oproppen ta sân dagen lang 'sosjale ûnthâlding': minsken wurdt oanret gjin nije kontakten oan te gean en tebekhâldend te wêzen mei besteande kontakten. Dat sil yn Fryslân foarearst noch net barre, seit De Graaf. "Dat binne maatregels dy't passe by de situaasje dêr. De situaasje is hjir hiel oars. Wy stimme dêryn ôf mei it RIVM. Ek per lân binne de maatregels wer hiel ferskillend."
Hoe en hoe rap it firus him ferspriede sil yn Fryslân doart De Graaf gjin útspraken oer te dwaan. "Dat is net te foarspellen. In firusfersprieding giet sa't dy giet."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân