Bûnte kjifkrobbe wurdt ûnderskat en is noch hieltyd in grut probleem foar tsjerken

11 mrt 2020 - 06:02

Kinst se net sjen, mar se sitte manmachtich yn it hout fan Fryske tsjerken: de bûnte kjifkrobbe. Ferline jier kaam it bistje oan it ljocht yn de tuorren fan De Jouwer en Boalsert. Beide tuorren moasten úteinlik fuorttakele wurde om't de skea foar in gefaarlike situaasje soarge. Dat hie neffens ynsektebestrider Jaap Hoekstra net nedich west.

Nei oanlieding fan twa ûnfeilige situaasjes mei de tuorren fan it stedhûs yn Boalsert en Hobbe van Baerdt-tsjerke op De Jouwer is Omrop Fryslân yn de wrâld fan de tsjerketoer dûkt. Hoe hat dit barre kinnen? En hoe grut is de kâns dat itselde oan de hân is by oare tuorren? De ynspekteurs, eigeners, mar ek de bestrider fan de grutste plaach fan de tuorren komme yn de kommende dagen oan it wurd.

"It gefaar fan de bûnte kjifkrobbe wurdt noch altyd ûnderskat yn Fryslân", seit Hoekstra. Hy hat mei syn bedriuw Hoekstra's Bedrijfshygiëne al sa'n tritich jier ûnderfining mei it bestriden fan de bûnte kjifkrobbe.

Ien fan de skealikste houtfernielende ynsekten

It bist is mar sa'n 8 milimeter lang en wurdt sjoen as ien fan de skealikste houtfernielende ynsekten. De larven fan de bûnte kjifkrobbe binne gek op fochtich ikehout en binne dêrom aktyf yn gebouwen mei houten konstruksjes dy't bygelyks lekkaazjes hawwe. Se sitte benammen yn balken en binne fan de bûtenkant ôf net te sjen.

De ynspeksjes fan Monumentenwacht Fryslân kinne hjir in bydrage oan leverje, mar de tuorren binne min berikber. Neffens Hoekstra wurdt der hast nea ûndersyk dien yn de balke sels, om't it giet om in monumintaal pân dy't minsken graach yntakt hâlde wolle. "It bist foar in 100 persint útroeie sil dêrom nea slagje, mar de situaasje goed behearskber meitsje kin wol."

Foto: Omrop Fryslân

Bestride is krúsjaal

As it ynspeksjerapport dan op tafel leit, is der by de measte tsjerken te folle klam op it ferbouwen yn plak fan it bestriden, fynt Hoekstra. "As in gebou restaurearre wurdt, dan giet eins al it jild dêrhinne en wurdt de bestriding fan de kjifkrobbe in 'ondergeschoven kindje'." Bestriden is wol krúsjaal, seit Hoekstra. "Oars kin in gebou nei de restauraasje in pear jier letter gelyk wer restaurearre wurde."

Neffens Hoekstra leit it net oan de eigeners, want it jild moat der wol wêze. "Hoe't it no regele is dat der fêste bedraggen ôfsprutsen wurde foar seis jier. Mocht dan ûnferwachts de bûnte kjifkrobbe oantroffen wurde, dan is meastentiids it jild al fersein oan oare reparaasjes of ûnderhâld. It kin dan samar in pear jier of op syn lêst seis jier duorje foar't it bestriden wurde kin."

Jaap Hoekstra oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân

Mear bûnte kjifkrobben as tritich jier lyn?

De bûnte kjifkrobbe libbet al mear as tritich jier yn de Fryske tsjerken. Yn 1986 waard de bûnte kjifkrobbe foar de earste kear yn Nederlân ûntdutsen. De 'sipel' fan de Sint-Jantsjerke yn Deinum wie oantaast en moast ferfongen wurde. Sûnt dat momint is it bistje in stikel yn 'e foet fan Fryske besitters fan âlde gebouwen lykas tsjerken. En hat yn dy tritich jier, foar safier't dat bekend is, 150 tsjerken oantaast.

Yn de earste jierren wie der grutte panyk om't hieltyd mear tsjerken oantaast wiene. Yntusken is de panyk fuort, wat net altyd goed is, neffens Hoekstra. It leit 'm oan trije saken neffens Hoekstra: de bûnte kjifkrobbe kin mei ynspeksjes hast net fûn wurde, der is de min jild foar ûnderhâld en it jild dat der is giet net nei it bestriden mar nei it ferbouwen.

Hoefolle bûnte kjifkrobben oft der yntusken yn Fryslân binne, is neffens ynsektesaakkundige Jeroen Breidenbach net te sizzen. "Het is een indrukwekkend beestje die bedoeld is om op te ruimen, maar er wordt weinig onderzoek naar gedaan. Vooral in Nederland staat dat soort onderzoek op een laag pitje. Daarom kunnen we het ook niet hebben over exacte aantallen." Wat hy út syn eigen ûnderfining sjocht is dat it bist wol mear foarkomt. Hy hat ek in idee oer hoe't dat kin. "De gebouwen en ook het hout in de gebouwen worden steeds ouder. Hou ouder het gebouw is, des te meer het gaat schimmelen. Dat is aantrekkelijk voor de bonte knaagkever."

(advertinsje)
(advertinsje)