Nederlân slút Tournoi de France ôf mei tredde lykspul, haadrol foar Spitse

10 mrt 2020 - 22:57

Nei twa doelpuntleaze lykspullen hat it Nederlânske frouljusfuotbalteam it Tournoi de France ôfsletten mei noch in lykspul, mar no wol mei goals: it waard 3-3 tsjin Frankryk. Sherida Spitse fan Snits spile in haadrol yn de wedstriid. Frankryk wie al wis fan de einoerwinning. Nederlân einiget twadde mei trije punten minder.

Sherida Spitse fiert har goal - Foto: www.orange-pictures.nl

Lynn Wilms, dy't foar it earst yn de basis stie, iepene de skoare yn Valenciennes nei in lyts healoere spyljen. Fiif minuten letter krige Nederlân in strafskop nei in oertrêding op Lieke Martens. Spitse skeat raak fanôf alve meter: 2-0. Flak foar it skoft brocht Valérie Gauvin de spanning werom.

Yn de twadde helte waard it sels hielendal lyk. Spitse, dy't earder dus noch in strafskop raak skeat, feroarsake no sels in penalty fanwegen hands yn de sechstjin. Mbock Bathy skeat de 2-2 binnen. Dochs gie de oerwinning nei Nederlân. Mei Spitse yntusken op de bank soarge Martens foar de 3-2.

Djip in blessueretiid waard it noch 3-3. Ouleymata Sarr skoarde foar de Fransêzes. Dat wie de lêste goal fan de wedstriid.

Lege tribunes

Loes Geurts en Fenna Kalma bleaune de hiele wedstriid op de bank. De tribunes by de wedstriid bleaune leech fanwegen it coronafirus.

It Tournoi de France is in oefentoernoai. Earder einigen de wedstriden tsjin Brazilië en Kanada yn 0-0. Oer presys in moanne spilet Nederlân wer. Dan stiet de EK-kwalifikaasjewedstriid yn en tsjin Kosovo op it programma.

Einstân Tournoai de France

Punten Doelsaldo
1. Frankryk 7 5 - 3
2. Nederlân 3 3 - 3
3. Brazilië 2 2 - 3
3. Kanada 2 2 - 3
(advertinsje)
(advertinsje)