Jier sel easke tsjin sitmeaner-oplichter

10 mrt 2020 - 21:46

Tsjin in 45-jierrige ynwenner fan Warten dy't fan ferskate Fryske bedriuwen sitmeaners kocht en dêrnei net betelle, is tiisdei in jier selstraf easke. De offisier fan justysje neamde de Wartener 'een notoire oplichter'.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sûnt maaie ferline jier kocht de man sitmeaners by bedriuwen yn Hurdegaryp, Easterwâlde, Ljouwert, Akkrum, Rotsterhaule, Snits en Winsum. Hy betelle dêr nea foar.

Ofparse

De fertochte sei dat er ôfparse waard troch manlju. Dy soene de man syn famylje wat oandwaan as er net meiwurke. Hy moast de meaners oanskaffe en ferkeapje en de opbringst moast er dan oan de ôfparsers jaan.

De man hie ferskate beskriuwen jûn fan de ôfparsers: earst wiene it Poalen, letter hie er it oer trije Nederlanners. Trije manlju dy't ein septimber in soart ynkasso-aksje dien ha by de fertochte, moatte harren tongersdei foar de rjochter ferantwurdzje. De trije soene op paad west ha foar in dupearre ûndernimmer en de frou fan de fertochte mishannele ha. De dupearre bedriuwen ha skeafergoedingen fan hast 50.000 euro yntsjinne.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Warten oplichter sitmeaner
(advertinsje)
(advertinsje)