Stichting palliative terminale soarch fiert jubileum en siket frijwilligers

10 mrt 2020 - 20:45

Wake by ien dy't stjert: it is in drege mar tankbere taak. De stichting Vrijwilligers Palliatieve Terminale Zorg Noardeast-Fryslân (VPTZ) bestiet 25 jier en set harren 25 frijwilligers dêrom yn it sintsje. En se kinne wol nijen brûke. "Iedereen roept om vrijwilligers, wij zijn daarin niet anders", seit foarsitter Greet Louissen.

Thússoarch - Foto: Shutterstock

Louissen is sels ek noch frijwilliger, se sit geregeld noch njonken in bêd. "Ik ga regelmatig nog ergens een nacht waken." It begûn doe't har man yn 2002 stoar. "Ik had wel wat zorg en hulp kunnen gebruiken, maar die was er toen niet. Toen ik in 2013 met pensioen ging, dacht ik: ik ga eens op zoek naar die club, of ik iets voor ze kan betekenen."

Ien nacht yn 'e wike

De frijwilligers fan VPTZ wake ien nacht yn 'e wike fan 23.00 oere oant 7.00 oere. "Daarmee ontlasten we de families, zij kunnen dan slapen", fertelt Louissen. "Dat is onze ondersteuning. Is het heel erg met de patiënt, dan kun je altijd nog de dokterswacht of de thuiszorg bellen. Zij helpen dan verder, als het nodig is. Maar vaak ben je als vrijwilliger alleen in het huis waar degene gaat sterven."

Meastentiids is dat by ien thús, mar yn guon gefallen ek yn in fersoargingshûs. "De mensen die daar 's nachts aan het werk zijn, hebben het zo druk. Ze rennen zich de benen uit het lijf. Dus vragen ze ons of we nog een vrijwilliger hebben, zodat diegene niet alleen hoeft te sterven", seit Louissen.

Net samar

Frijwilligers wurde net samar by in bêd set. Elkenien krijt in kursus. "Daarin komen alle elementen aan de orde. En daarin word je ook geconfronteerd met hoe je er zelf in zit. Zo'n hele nacht daar zitten, lukt je dat? Want soms is het pittig."

Tiisdei fiert de stichting it jubileum en der binne ek nochris twa frijwilligers by kaam. Dy kinne se goed brûke, seit Louissen. "Onze vrijwilligers worden oud en nemen soms afscheid. Dan kan de club wel weer wat verjongen."

(advertinsje)
(advertinsje)