Fertraging: nije fearboaten Doeksen wurde letter yn gebrûk nommen

10 mrt 2020 - 19:45

De nije fearboaten fan Doeksen wurde letter yn gebrûk nommen as pland. De twa nije fearboaten rûnen wetterskea op doe't se fan Fjetnam nei Nederlân fearen. It hat tiid koste om dat op te lossen en no is der mear tiid nedich foar de ôfbou fan de katamarans.

Foto: Rederij Doeksen

De earste boat, de Willem Barentsz, is op syn betiidst yn maaie klear. Dêrnei wurdt de Willem de Vlamingh klear makke. Dy soe dan yn juny yn 'e feart nommen wurde. It soe earst op 10 april klear wêze.

Neffens Doeksen hat ien en oar gjin gefolgen foar de kapasiteit fan de rederij. De âlde Midsland wurdt ekstra ynset en op drokke dagen fart de sneltsjinst ek faker. Mei alle minsken dy't kaarten ha foar de nije fearboaten, wurdt kontakt opnommen.

Trefwurden: 
fearboat katamaran Doeksen
(advertinsje)
(advertinsje)