Finansjele stipe foar duorsumer meitsjen huzen yn Smellingerlân

10 mrt 2020 - 18:16

Hûseigeners yn Smellingerlân dy't it hûs duorsumer meitsje wolle, kinne by de gemeente oanklopje foar jild. De gemeenteried hat 500.000 beskikber steld. Der kin maksimaal 15.000 euro liend wurde.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

De liening kin oanfrege wurde foar enerzjybesparjende en duorsume maatregels foar huzen en apparteminten yn de gemeente. Lieningen oant 7.500 euro moatte yn tsien jier ôfbetelle wurde. De rintiid fan lieningen tusken 7.500 en 15.000 euro is fyftjin jier. De rinte stiet fêst en is trije persint leger as it normale taryf dat yn de merk jildt.

De gemeentlike regeling mei kombinearre wurde mei de subsydzjeregelingen fan it Ryk.

(advertinsje)
(advertinsje)