Slûs Terherne slim skansearre troch oanfarring mei frachtskip

10 mrt 2020 - 17:31

De kearslûs by Terherne is slim skansearre rekke by in oanfarring mei in frachtskip. Dat meldt Rykswettersteat. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekken by it ynsidint.

It is noch te betiid om te sizzen wat de oarsaak fan de oanfarring wie, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

It is net foar it earst dat de slûs skansearre rekket. Amper in jier lyn wie der ek in oanfarring mei in frachtskip. Doe like de skea minder grut.

It skipfeartferkear op it Prinses Margrietkanaal kin trochfarre, mar moat der wol rekken mei hâlde. In skip fan Rykswettersteat is by de slûs om it ferkear te begelieden.

Trefwurden: 
Terherne oanfarring
(advertinsje)
(advertinsje)