Ek Epke sels noch yn twivel oer Spelen: "Ik wit it eins ek net"

Is Epke Zonderland no al wol of net wis fan de Olympyske Spelen? Der is in soad ûnwissens oer. Mar dy ûnwissichheid libbet ek by himsels. Ut Baku yn Azerbeidjan wei, dêr't Zonderland kommend wykein in wrâldbekerwedstriid hat, lit de turner witte dat er sels noch gjin idee hat hoe't it sit. It dielnimmen fan syn Japanske konkurrint Hidetaka Miyachi is in grut mystearje.
Epke Zonderland © www.orange-pictures.nl
"Hoe't it presys sit, wit ik eins ek net. Ik moat it ek mar ha fan de berjochten", fertelt Zonderland. Dy berjochten fan de NOS seine dat Miyachi fan it Japanske turnbûn net meidwaan mei oan de lêste wrâldbekerwedstriden. Dat soe derop wize dat Zonderland wis is fan it olympyske ticket.
Mar de turner begrypt de gedachtegong fan it Japanske turnbûn net hielendal: "Hy moast in skoare helje fan 14.533. Dat wie de skoare fan de nûmer trije fan it WK, dus dat wie foar harren in eask. Dêr hat er net oan foldien en dus mei er net nei de folgjende wrâldbekers. Dat snap ik wol, mar ik begryp de efterlizzende gedachte net. Want hy soe my noch prima ferslaan kinne, as er meidwaan koe. Om't ik dat net hielendal begryp, hâld ik noch in slach om de earm."
Epke Zonderland oer de ûnwissichheid

Wannear wol wis?

De fraach is wannear't Zonderland de sjampanje tefoarskyn helje kin en it wis is dat er syn olympyske startbewiis binnen hat. "As ik nije wike yn Doha bin, it Japanske team sjoch en Miyachi der net tusken sit. Dan ha ik echt dat jûchgefoeltsje fan: it ticket is binnen."
Dochs is der wol wat feroare yn de benadering fan de olympysk kampioen fan 2012. "Ik bin wol oan it neitinken hoe't ik my it bêst tariede kin op Tokio. Dat hie ik foar Melbourne noch hielendal net."
Dêr, yn Melbourne, wûn Zonderland yn jannewaris de wrâldbeker, wêrtroch't er de bêste papieren hawwe soe foar it iene olympyske ticket. "Doe wie ik allinne dwaande mei hoe't ik my noch kwalifisearje moast. Ik ha al wol in bytsje akseptearre dat it no klear is, mar tagelyk knaget der noch wol wat dat er miskien dochs komt."
Ik turnje dizze wedstriden al soe Miyachi noch wol meidwaan.
Epke oer de wrâldbekerwedstriden yn Baku en Doha
En dus komt de Fryske turner oankommend wykein gewoan yn aksje yn Baku op de wrâldbeker en dy wike dêrnei yn Doha. "Ik turnje dizze wedstriden al soe Miyachi noch wol meidwaan. Op dy manier ha ik yn elts gefal in moaie motivaasje om wer in dikke skoare del te setten. Ik sil wol wat ekstra risiko nimme, want ik wol in skoare fan 15+ turnje. Dat ha ik no twa kear dien en dêr gean ik wer foar", fertelt Zonderland, dy't nei Melbourne trochreizge is nei Dubai. Hy is net nei hûs gien, mar yn Dubai bleaun. Dat besparret him twa jetlags, ien fan dat er yn Nederlân komme soe en ien foar as er dan wer nei Baku reizgje soe.