Ynsidint mei slachwapen by flat oan Mondriaanstrjite yn Ljouwert

10 mrt 2020 - 17:09

Yn in flat oan de Mondriaanstrjitte yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei in ynsidint west mei in ûnbekend slachwapen. Dat barde om 16.00 oere hinne. De fertochte hat mei it slachwapen op de doar fan it portyk slein. De bewenner waard benaud en hat de plysje warskôge. De plysje hat de fertochte út de flat meinommen nei it plysjeburo. De plysje is dwaande mei ûndersyk nei it ynsidint.

Foto: AS Media
(advertinsje)
(advertinsje)