Soan fan coronapasjinten op De Gordyk is net besmet

10 mrt 2020 - 17:04

De 17-jierrige soan fan it mei corona besmette pear op De Gordyk is net besmet mei it coronafirus. Dat seit it Bornego College, dêr't de jonge op skoalle sit. De âlders fan de oare learlingen ha in mailtsje krigen. Tiisdeitemoarn waard bekend dat it firus fêststeld is by de heit en mem fan de jonge. De jonge waard dêrnei ek test.

Foto: Shutterstock

Hans Wildeboer fan it Bornego College seit: "Wij zijn hier heel erg blij mee, in de eerste plaats voor de leerling. Maar ook voor onze andere leerlingen en medewerkers. Ik denk dat veel mensen opgelucht zijn. Anders zou er toch een kans op besmetting aanwezig zijn."

Plan meitsje

De skoallemienskip hold al rekken mei it firus. "Wij hebben al een hele tijd nagedacht over wat er moet gebeuren als zo'n situatie zich in Heerenveen voor zou doen. Dan is het met name belangrijk om leerlingen, medewerkers en ouders goed te informeren. Dat hebben we vanochtend gedaan. Maar kans op besmetting blijft er, dus je moet ook nadenken wat er moet gebeuren als er wel een besmetting is."

Soargen

Guon learlingen hawwe tiisdei net wer nei skoalle west. "Er zijn leerlingen en ouders die erg bezorgd zijn. Dat begrijpen we heel goed. We blijven alert en geven voorlichting. Wij willen het risico niet lopen dat wij een bron van meerere besmettingen worden," seit Wildeboer.

De soan sit yn VWO6 fan it Bornego College oan de Ds. Kingwei op It Hearrenfean. Hy wie moandei en tiisdei út foarsoarch al thús bleaun. Bestjoerder Wildeboer is dus ferromme mei it nijs dat de jonge net besmet is. "Dit betekent dat de leerling binnenkort weer naar school kan. Tot die tijd wordt onze leerling begeleid in zijn voorbereiding op het examen."

"Voor onze scholen betekent de uitslag van de test dat we op dezelfde voet verder gaan", seit Wildeboer. De skoalle hopet dat oare bern dy't har siik fiele, thús bliuwe. "Aan de ouders zeggen we ook: neem de verantwoordelijkheid", seit bestjoerder Hans Wildeboer.

De heit en mem fan de jonge binne om de 50 jier hinne. De man hat it coronafirus bûten de provinsje oprûn by syn wurk. De man hie kontakt mei in Brabanner fan wa't op in letter momint bliken die dat hy it firus hie.

Trefwurden: 
De Gordyk coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)