Ljouwerter nijbouwyk De Zuidlanden krijt twadde ûntslutingsdyk
It buorskip Unia yn de nijbouwyk De Zuidlanden yn Ljouwert, krijt dochs in twadde ûntslutingsdyk foar auto's. Dêrmei it it oanlizzen fan in aparte kalamiteiterûte net langer nedich. It oanlizzen fan de nije ûntslutingsdyk is mooglik om't de gemeente Ljouwert goed 19 bunder grûn keapje kin fan de fallite projektûntwikkelder Megahome. Troch dy oankeap kin ek it buorskip De Hem fierder útwreide wurde.
Fierder wurdt it makliker om fyts- en kuierpaden oan te lizzen. De gemeente hat yn 2008 en 2018 ek al besocht om de grûn fan Megahome yn hannen te krijen, mar dat is doe net slagge. It giet mei-inoar om 19 bunder bougrûn. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean mei it oankeapjen fan de grûn troch de gemeente Ljouwert.
It giet om 19 bunder oan de eastkant fan de Wurdumerfeart (by Unia) en eastlik fan de Wergeasterdyk (by De Hem).