Willem II - SC Hearrenfean giet net troch om coronafirus

De wedstriid tusken Willem II en SC Hearrenfean giet sneon net troch. Oanlieding is it coronafirus. Foarsitter Cees Roozemond fan Sportklup Hearrenfean hat begryp foar it beslút. Hy seach it al oankommen, seit er.
It stadion fan Willem II © www.orange-pictures.nl
Ferskate grutte eveneminten yn Noard-Brabân geane net troch om it firus, dus ek de wedstriid fan Hearrenfean yn Tilburg net. "Ik denk dat dit een verstandig besluit is", seit Roozemond. "Tilburg en omgeving worden specifiek genoemd als een haard waar het virus sterk om zich heen heeft geslagen."
Festivals, beurzen en proffuotbalwedstriden binne ôfsein. Ek de wedstriden PSV - FC Emmen en RKC Waalwijk - FC Grins yn de earedifyzje en TOP Oss - FC Den Bosch yn de earste difyzje geane net troch. De maatregels yn Brabân jilde oant moandei. Dan sjogge boargemasters nei eventuele nije maatregels.
Earder op tiisdei kundige SC Hearrenfean al ferskate maatregels oan: ynterviews mei trainers en spilers fan Sportklup Hearrenfean kinne foarearst allinnich noch mar telefoanysk ôflein wurde. Ferskate aktiviteiten op de klup geane ek net troch.

Cambuur noch wol

Sportklup Cambuur spilet freedtejûn thús tsjin NAC Breda. Dy wedstriid giet foarearst wol troch.
Lês al ús nijs oer it coronafirus yn Fryslân op ús dossierside en folgje ek ús liveblog.