Coronamaatregels SC Hearrenfean: ynterviews allinnich noch mar telefoanysk

10 mrt 2020 - 15:51

Ynterviews mei trainers en spilers fan Sportklup Hearrenfean kinne foarearst allinnich noch mar telefoanysk ôflein wurde. Ferskate aktiviteiten op de klup geane ek net troch. It binne ekstra maatregels dy't de klup nimt tsjin it coronafirus, njonken de advizen fan it RIVM en de GGD.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn oerlis mei liedingjaanden meitsje meiwurkers fan de klup sa min mooglik ôfspraken mei oare minsken. Ynterviews kinne allinnich noch mar oer de telefoan en alle meiwurkers dogge foarearst net mear mei oan sponsor-, pr- en kommersjele aktiviteiten.

Rûnliedingen, de supportersjûn It Petear en maatskiplike projekten geane earst ek net troch.

Net mear fûstkje

Fierder stiet by de yngong fan it Abe Lenstra stadion in potsje mei desynfektearjend skom, want elkenien moat dêr de hannen waskje. Fierder hjitte se by de klup gjin minsken mear wolkom by in hândruk. As meiwurkers of frijwilligers sûnensklachten ha, dan wol de klup dat se thús bliuwe.

Tiisdei waard ek bekend dat de wedstriid fan Hearrenfean sneon yn Tilburg tsjin Willem II net trochgiet om it coronafirus.

Cambuur wachtet woansdei ôf

By Sportklup Cambuur folgje se foarearst de advizen fan de oerheid en ynstânsjes lykas it RIVM en de GGD op: net mear fûstkje, de húsarts belje by symptomen bygelyks. Fierder wachtet de klup woansdei ôf. Dan stiet der in grut oerlis pland yn Zeist, wêrby't de klups, difyzjes en ynstânsjes binne. De direksje fan Cambuur is dêrby oanwêzich. "Dan sjogge we ek nei wat it betsjut foar de wedstriden fan kommend wykein", seit in foarljochter fan de klup.

Lês al ús nijs oer it coronafirus yn Fryslân op ús dossierside.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)