VVD: brêge tusken Holwert en It Amelân ûndersykje

Net allinnich in tunnel, mar ek in brêge moat ûndersocht wurde as ferbining tusken Holwert en It Amelân yn de takomst. Dat fynt de VVD yn de Twadde Keamer.
© Omrop Fryslân
Ferskate fraksjes hawwe fragen steld oan minister Cora van Nieuwenhuizen, nei oanlieding fan de stúdzje fan de provinsje, Rykswettersteat en de gemeenten Noardeast-Fryslân en It Amelân. Der wurdt tocht oer in alternative ferbining, omdat de besteande fearboaten geregeld grutte fertraging oprinne. Dat komt trochdat de fargeul hieltyd wer tichtrekket.
GrienLinks hat al oanjûn dat in tunnel net besprekber is. Ek de PvdA fynt in tunnel net in helbere opsje. Dy partij sjocht mear yn in lytsere fearboat, allinnich foar fytsers en kuierders. Minister Van Nieuwenhuizen hat earder ek al oanjûn dat sy in tunnel net echt sitten sjocht, mar de provinsje Fryslân wol dy opsje earst noch wol iepenhâlde.