Learlingen oer besmetting binnen famylje klasgenoat: "Wol efkes skrikke"

Alle klassen fan it Bornego College oan de Ds. Kingwei op It Hearrenfean binne tiidseitemoarn op 'e hichte steld: by de âlden fan in klasgenoat fan De Gordyk is it coronafirus fûn. De jonge sit yn 6VWO en syn klasgenoaten binne dochs wol skrokken, al hiene sy de komst fan it firus wol ferwachte. De skoalle hopet dat learlingen dy't it gefoel hawwe siik te wêzen thús bliuwe.
Learlingen Bornego oer besmetting
Klasgenoat Anne-Roos Busstra hat net murken dat har klasgenoat siik wêze soe. "Ik moet zeggen dat mij niets aan hem is opgevallen. Volgens mij was er niet echt iets met hem aan de hand. We zitten in dezelfde klas en we zijn ook gewoon vrienden."
Busstra seit fierder: "Ik had het niet per se verwacht. We hebben een bericht gekregen via de schoolwebsite en in de klas is er een bericht voorgelezen door de docent. De meeste mensen zijn geschrokken omdat het wel dichtbij komt. Hier en daar worden er wat grapjes over gemaakt. Mensen proberen het te verwerken en weer verder te gaan.
Klasgenoaten Naomi, Nynke, Anne-Roos © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"It siet der oan te kommen"

Neffens klasgenoat Naomi Blom komt it net tige ûnferwachte. "It siet der oan te kommen dat it ek yn Fryslân ûntdutsen waard. Mar it is wol skrikke dat it daalks sa tichtby komt om't it ek ien by ús op skoalle is." Mar je moatte it wol relativearje, fynt sy. "De mooglikheid is oeral dat ien besmet is. Ast dêr benaud foar bist, soest eins hielendal thús bliuwe moatte. Der wurdt in soad oer sprutsen en der binne ek wol guon skrokken en nei hûs gien. Mar it is ôfwachtsjen wat der bekend makke wurdt."
Nynke van der Schaaf is ek klasgenoat en jout oan ek wol skrokken te wêzen. "It wurdt wol reëler, de kâns dat je it krije wurdt grutter. It is logysk dat it in kear komt. Dat it tafallich ús klasse is, is wol in oar ferhaal. Mar it is net oars. Miskien is der ek wolris wat tefolle opskuor en wurdt it wat te grut makke. It is net tige gefaarlik, mar oan de oare kant: je sille mar yn de risikogroep sitte."
Klasgenoaten Naomi Blom, Nynke van der Schaaf en Anne-Roos Busstra