Frijwilligers socht foar nij 'Voedselbos' by Olterterp

10 mrt 2020 - 14:43

Der komt in saneamd 'Voedselbos' oan de Achterwei yn Olterterp. De grûn is ta beskikking steld troch de famylje Van Harinxma thoe Slooten. De wurkgroep Bijenbrigade fan Beetstersweach sil de bosk oanlizze, dêr't iten weihelle wurde kin en wêrmei't in bydrage levere wurde kin oan it bioferskaat.

De Achterwei by Olterterp - Foto: Google Street View

De wurkgroep siket noch frijwilligers om it gebiet yn te rjochtsjen en te behearen. Dat gebiet leit tusken de greide by Huize Bethlehem en de greide oan de Van Harinxmawei. Der wurdt gearwurke mei Landgoed Lauswolt.

(advertinsje)
(advertinsje)