Taksysjauffeur krijt wurkstraf en rydûntsizzing foar belutsenens by deadlik ûngelok

10 mrt 2020 - 14:25

De 60-jierrige taksysjauffeur fan Bontebok dy't yn 2017 belutsen wie by in deadlik ûngelok op De Gordyk, hat neffens de rjochtbank yn Ljouwert skuld oan dat ûngelok. De taksysjauffeur krijt in wurkstraf fan 140 oeren en in rydûntsizzing fan acht moannen ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It ûngelok barde yn novimber 2017 op 't Kiemke op De Gordyk. Twa persoane-auto's botsten op elkoar en dêrby kaam in 56-jierrige frou fan Lippenhuzen om it libben.

It Iepenbier Ministearje easke yn febrewaris in wurkstraf fan hûndert oeren en in rydûntsizzing fan acht moannen ûnder betingst. De rjochter makke dêr lykwols 140 oeren wurkstraf en in rydûntsizzing fan acht moannen ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.

(advertinsje)
(advertinsje)