Keamerfragen oer probleemplant wetterkrassula op Skylge

10 mrt 2020 - 14:15

De Twadde Keamerleden Arne Weverling en Aukje de Vries (beiden fan de VVD) en William Moorlag (PvdA) hawwe fragen steld oan minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit oer de wetterkrassula. It plantsje soarget foar in soad problemen op Skylge.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

De Keamerleden wolle fan de minister witte oft sy fynt dat de wetterkrassula in bedriging foarmet foar de natuer op Skylge. Fierder freegje sy hoefolle jild der troch de provinsje en it wetterskip al útjûn is oan de bestriden fan it plantsje en oft it Ryk ek bydroegen hat oan de bestriding.

De wetterkrassula is in saneamde 'invasieve exoot'. In plant dy't fan oarsprong net yn ús lân foarkomt en in soad brûkt wurdt yn akwaria. Sa'n sân jier lyn waard de krassula oantroffen by Midslân op Skylge. Op wiete ûndergrûn groeit de plant hiel hurd en dêrtroch ferspriedt er him yn heech tempo oer it eilân. De omstannichheden op Skylge binne perfekt foar de plant: in sânige boaiem en in fochtige omjouwing. Om't de plant sa hurd groeit, wurde oare planten ferdreaun.

De Keamerleden dogge it útstel om in kennisplatfoarm gear te stallen, dêr't kennis oer de bestriding sammele wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)