Cambuur Sjoernaal: Wrâldgoals soargje foar oerwinning

10 mrt 2020 - 14:08

Foarôf soene je sizze: Jong AZ-út mei meardere earste alvetal-spilers, dat wurdt in drege wedstriid foar SC Cambuur. Mar, it pakte moandeitejûn hiel oars út. It iene nei it oare fantastyske Ljouwerter doelpunt soarge úteinlik foar in maklike 3-0 oerwinning. Alle trije de goals wiene prachtich en binne fansels werom te sjen yn in nij Cambuur Sjoernaal.

(advertinsje)
(advertinsje)