Unwissens oer pleatsing Epke Zonderland foar Olympyske Spelen

10 mrt 2020 - 13:11

Rekstokspesjalist Epke Zonderland is noch altyd net wis fan in ticket foar de Olympyske Spelen yn Tokio. Grutte konkurrint Hidetaka Miyachi komt neffens de NOS net yn aksje op de lêste wrâldbekerwedstriden, mar de Japanner stiet noch wol op de startlist. Dêrom binne turnbûn KNGU en Zonderland sels noch foarsichtich.

Foto: Orange Pictures

Miyachi is de konkurrint foar Zonderland om in olympysk ticket. Zonderland stiet oer de earste fiif wrâldbekerwedstriden foar op de Japanner en Miyachi sei nei de wrâldbekerwedstriid yn Melbourne dat hy de oare wedstriden net mear yn aksje komme soe. Hy stie lykwols noch wol ynskreaun foar de wrâldbeker yn Doha.

Weromhâldend

Turnbûn KNGU hat de berjochtjouwing fan de NOS sjoen, mar lit witte: 'deze bevestiging is echter bij de KNGU nog niet officieel bekend'. Johan Boesjes, manager fan Zonderland, lit witte dat de turner sels ek noch altyd net hûndert prosint wis is fan de pleatsing. De mails fan it Japanske turnbûn oan de NOS hawwe Boesjes en Zonderland sjoen, mar salang't Miyachi noch altyd op de startlist stiet foar de wrâldbeker yn Doha, hâlde se in slach om de earm.

Baku en Doha

Der stean noch twa wrâldbekerwedstriden op it programma, yn Baku en Doha. Zonderland docht dêr yn elts gefal oan mei.

(advertinsje)
(advertinsje)