UPDATE: Gjin coronabesmetting by Friesland Lease Drachten

10 mrt 2020 - 18:52

De meiwurker fan Friesland Lease yn Drachten, fan wa't earder tiisdei noch tocht waard dat er it coronafirus hie, is net besmet. Dat docht bliken út in test, seit direkteur Jan Baljeu. Hy hie út foarsoarch njoggen meiwurkers nei hûs ta stjoerd.

Friesland Lease Drachten - Foto: Google Street View

De kollega's fan de man wiene wol skrokken, doe't noch tocht waard dat de man besmet wie. "Het had alle symptomen van het coronavirus. Hij voldeed aan alle bijverschijnselen", seit Baljeu. "Maar dat kan schijnbaar ook bij een zware griep." It personiel wie net benaud foar harsels, mar benammen dat se it firus mooglik ferspriede soene nei kwetsberen. "We zijn heel erg opgelucht, vooral voor de medewerker zelf dat hij niet ziek is."

De minsken fan it bedriuw ha tiisdei thús wurke. "Het was een mooie testcase", seit Baljeu. "Al onze mensen kunnen thuiswerken. Het is belangrijk dat onze collega's elkaar wel blijven zien, maar als het zou moeten, dan kan dat dus voor een korte periode."

Wurknimmer wie siik

De wurknimmer soe in relaasje hawwe mei in al besmet persoan út it easten fan it lân. Ofrûne wike wie de man al siik, mar hy hat yn de tuskentiid wol koart in middei oan it wurk west.

De meiwurker wurket binnen it klantteam fan Friesland Lease, dêr't kommersje, technyk en administraasje wurkje. De relaasje fan de man hat koartlyn yn Italië west, dêr is it firus nei alle gedachten oprûn.

Previntyf

Dêrom wiene de oare meiwurkers nei hûs stjoerd. Baljeu sei earder, doe't de útslach fan de test noch net bekend wie: "Preventief hebben we het team waar hij contact mee heeft gehad die middag, want hij is er maar even geweest, naar huis gestuurd. Dat om alle risico te voorkomen op eventuele verspreiding. We hebben verder geen ziektegevallen of mensen die zich ziek voelen."

Jan Baljeu: "We zijn heel erg opgelucht"

(advertinsje)
(advertinsje)