Soan fan coronapasjinten De Gordyk is learling Bornego College op It Hearrenfean

10 mrt 2020 - 12:48

De 17-jierrige soan fan it stel fan De Gordyk by wa't coronafirus fêststeld is, giet nei it Bornego College op It Hearrenfean. Hy sit yn 6 vwo fan de skoalle oan de Dominee Kingwei. De skoalle hat âlden tiisdeitemoarn in mail stjoerd mei ynformaasje.

Bornego College - Foto: Google Street View

Skoalbestjoerder Hans Wildeboer: "Wij zijn al enige tijd aan het nadenken over maatregelen die we zouden kunnen nemen. We hebben vanochtend meteen de ouders en de medewerkers geïnformeerd, zowel schriftelijk als mondeling." It bestjoer seit de útslach fan de jonge syn test ôf te wachtsjen en him advisearje te litten troch de GGD en de gemeente Hearrenfean.

Om't it op dit stuit noch net wis is oft de soan besmet is, kinne alle learlingen gewoan nei skoalle. De soan is sûnt moandei al thúsbleaun. "Ik merk dat er veel rust is in de organisatie. Mensen weten dat we het goed in de gaten houden. We vinden het uiteraard bijzonder treurig voor onze leerling en voor zijn ouders. We wensen het allerbeste voor hen en hopen dat ze snel weer opknappen."

Underwiis op ôfstân

Foar de learling wurdt ûnderwiis op ôfstân regele, sa't syn ûnderwiisprogramma trochgean kin. Hy sit yn it eksamenjier, dus der wurdt alles oan dien om him te stypjen. "Daar hebben we al ervaring mee. Als leerlingen ernstig ziek zijn of in het ziekenhuis liggen, dan kunnen we hen wel op afstand bedienen. We proberen het maximale aan onderwijs te geven aan deze jongen."

Op 17 april is gewoanwei de lêste skoaldei yn dat jier. It kontakt tusken de learling en de skoalle rint fia de mentor. "We willen graag dat hij slaagt en zullen er alles aan doen om dat voor elkaar te krijgen."

Ferskillende senario's

De skoalle giet der foarearst fan út dat alles goed komt, mar sil wol maatregels nimme as de jonge posityf test. Hoe't dy derút sjogge, kin de Wildeboer noch net sizze. "We hebben verschillende scenario's. We laten ons daarin adviseren en we kijken naar wat de rest van Nederland heeft gedaan in vergelijkbare situaties."

Bern dy't syktesymptomen fertoane, wurdt frege net nei skoalle te kommen. "We vragen ouders daarin ook hun verantwoordelijkheid te nemen."

Direkteur fan it Bornego College Hans Wildeboer oer de sike learling

De jonge fan De Gordyk soe by de Albert Heijn yn it doarp wurkje. De eigener fan de supermerk wol dat noch net befêstigje. De supermerk wachtet earst it kontaktûndersyk fan de húshâlding ôf. Mooglik kin der op in letter momint in lanlik protokol fan de supermerkketen útrôle wurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie de strjitte op op De Gordyk

(advertinsje)
(advertinsje)