Finer fan Fryske Jeugdaai 2009 fynt no it earste ljipaai yn Waadhoeke

10 mrt 2020 - 21:39

It earste ljipaai fan gemeente Tytsjerksteradiel is fûn. Tiisdeitemoarn om 8.00 oere fûn Rinze van der Ploeg fan Koatstertille it aai oan de Monnikewei tusken Burgum en Suwâld. Letter tiisdei waarden ek it earste aai fan Weststellingwerf, Ljouwert en Waadhoeke fûn. Dy lêste waard fûn troch Geart Dijkstra, dy't yn 2009 it Fryske Jeugdaai fûn.

Foto: BFVW

Van der Ploeg fûn yn 2018 ek al it earste aai yn Tytsjerksteradiel.

Earste aai Weststellingwerf yn Spangea

It earste ljipaai fan Weststellingwerf is tiisdeitemoarn fûn troch neisoarger Klaas Stapensea fan Emmeloord. It aai is fûn op maislân by Spangea. Ofrûne jier waard it earste aai fan Weststellingwerf ek al troch Stapensea fûn.

Klaas Stapensea fan Emmeloord - Foto: Bond Friese VogelWachten

Tiisdeitemiddei waard ek it earste aai fan gemeente Ljouwert fûn. Aizo Elgersma fan Stiens hie it nêst flakby syn wenplak al in pear dagen op it each, en fûn der rûn healwei twaen in aai. It wie de tsiende kear dat Elgersma in gemeente-aai fûn hat.

Aizo Elgersma - Foto: Bond Friese Vogelwachten

Oan it begjin fan de jûn fûn Geart Dijkstra fan Winsum it earste ljipaai fan de gemeente Waadhoeke. Hy wie mei syn broer Wytze it lân yn. Tusken Harns en Hitsum fûn er it earste aai fan de gemeente. Geart fûn yn 2009 al it Fryske Jeugdaai.

It Fryske Jeugdaai fan 2020 is noch net fûn.

Geart en Wytze Dijkstra - Foto: Bond Friese Vogelwachten
(advertinsje)
(advertinsje)