UPDATE: Automobilist (39) komt om by slim ûngelok by Lippenhuzen

10 mrt 2020 - 13:13

By in slim ûngelok op de Sweachsterwei by Lippenhuzen is tiisdeitemoarn in 39-jierrige persoan út Opsterlân om it libben kaam.

De bestjoerder rekke fan de dyk en botste tsjin in beam. De helptsjinsten rieden manmachtich út en ek in traumahelikopter waard oproppen. De help wie lykwols om de nocht, it slachtoffer oerlibbe it ûngelok net.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)