Wat witte wy op dit stuit oer it coronafirus yn Fryslân?

10 mrt 2020 - 11:11

By in pear op De Gordyk is moandei it coronafirus fêststeld. Lês yn dit artikel alles watsto witte wolst oer de besmetting yn Fryslân.

Wêr en by wa is it coronafirus konstatearre?

By in pear fan om de 50 jier hinne dat op De Gordyk wennet. It pear hat ek in soan fan 17 jier, dy wurdt test en oan de ein fan tiisdeitemiddei ferwachtet men dêr de útslach fan. Sy hawwe sels kontakt opnommen mei de húsdokter. De melding is fia de húsdokter by GGD Fryslân binnenkommen. It pear is snein test en moandei die bliken dat sy besmet wiene.

Hoe hawwe de pasjinten it firus oprûn?

De man hat it coronafirus bûten de provinsje op syn wurk oprûn. De man hie kontakt mei in Brabanner wêrfan op in letter momint bliken die dat hy it firus hie.

Hoe giet it mei de pasjinten?

Goed, de man en frou wiene al hast opknapt fan harren gryp doe't sy it fermoeden krigen dat sy wolris it coronafirus hawwe koene. Fan it momint fan de test ôf sitte de Gordyksters thús. De man sei sels tsjin de boargemaster fan Opsterlân: "Onze gevallen geven aan dat het niet ernstig hoeft te zijn, het gaat goed met ons en we hopen snel volledig hersteld te zijn."

Watfoar maatregels wurde der no nommen?

Der is in kontaktûndersyk opset om it pear hinne, dat wurdt dien troch de ôfdieling ynfeksjesyktenbestriding. Veiligheidsregio Fryslân jout oan goed taret te wêzen en goed antisipearje te kinnen op in krisissituaasje lykas dizze. Op dit stuit wurde de rjochtlinen fan RIVM en GGD folge.

Nimt de skoalle op It Hearrenfean maatregels?

De soan fan it pear giet nei skoalle op it Bornego College oan de lokaasje Ds. Kingwei op It Hearrenfean. Hy sit yn 6VWO. Om't it op dit stuit noch net wis is oft de soan besmet is, kinne alle learlingen gewoan nei skoalle. De soan is sûnt moandei al thúsbleaun. As hy wol it firus hat, sil der in kontaktûndersyk opset wurde en kin it wêze dat der wol maatregels op de skoalle nommen wurde. As der learlingen yn de klasse hoastje moatte, wurdt harren wol frege om thús te bliuwen. Der wurdt in soad kontakt ûnderhâlden mei de skoalle.

Wat moatte ynwenners fan De Gordyk dwaan?

Op dit stuit neat bysûnders, útsein it folgjen fan de lanlike maatregels dy't it RIVM en GGD bekendmakke hawwe. Eveneminten, skoallen en sportferieningen kinne foarearst gewoan trochgean en -wurkje. Ek dêr jilde fansels de gebrûklike maatregels.

Wat kinsto dwaan om besmetting te foarkommen?

Wichtich is benammen om de hannen te waskjen, te hoastjen yn de binnenkant fan de earmtakke, bûsdoekjes fan papier te brûken en net te fûstkjen.

Wat binne de symptomen fan it coronafirus?

Minsken dy't besmet binne, hawwe koarts en klachten oan de luchtwegen, lykas hoastjen en koartamigens.

Wannear moat ik kontakt opnimme mei myn húsdokter?

Ast koarts hast (temperatuer boppe de 38 graden), klachten oan de luchtwegen hast (hoastje en koartamigens) en kontakt hân hast mei in persoan dy't besmet is óf ast yn de ôfrûne 14 dagen yn Sina, Singapoer, Súd-Koreä, Iran of Italië (provinsjes Lombardije, Veneto, Emiglia Romagna, Piëmonte, Aosta-vallei, Trentino-Zuid-Tirol, Friuli-Julisch-Venetië en Ligurië) west hast.

It is wichtich om telefoanysk kontakt op te nimmen mei dyn dokter. Nim allinne kontakt op as der echt sprake is fan koarts en klachten oan de luchtwegen.

Wêr kin ik ynformaasje fine?

Dat kin as earste op de websiden fan it RIVM en dy fan GGD Fryslân. Foar mear spesifike ynformaasje oer de omjouwing fan De Gordyk, kinst terjochte op de webside fan gemeente Opsterlân

Foto: Shutterstock
(advertinsje)
(advertinsje)