LIVEBLOG: Coronafirus op De Gordyk, gjin besmetting by Friesland Lease

10 mrt 2020 - 19:00

Op De Gordyk binne tiisdei de earste Friezen mei it coronafirus ûntdutsen. It giet om in pear, dat mei de soan op dit stuit yn thúsisolaasje sit. Dy soan hat it firus net, blykt út in test. Al it nijs fan tiisdei oer it firus lêst yn dit liveblog.

  • It firus is moandei om 19.00 oere hinne konstatearre op De Gordyk
  • De man en frou wiene al hast opknapt fan harren gryp
  • De man hat it firus bûten Fryslân oprûn op it wurk fan in man út Brabân dy't it firus hie
  • Der is in boarnen- en kontaktûndersyk opset
  • Harren 17-jierrige soan is ek test, hy hat it firus net

Lês al ús nijs oer it coronafirus yn Fryslân op ús dossierside.

19:00
Ein liveblog

Hjirby slute we it liveblog oer it coronafirus foar hjoed ôf. Mocht der letter mear nijs wêze oer it firus, dan lêst dat fansels direkt by ús op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

Tank foar it folgjen!

18:54
Paleografywedstriid giet net troch

Tresoar-meiwurker Martha Kist soe kommend wykein meidwaan oan de earste Nationale Paleografiewedstrijd. Dy soe yn Utrecht wêze, mar giet troch it coronafirus net troch. Minsken dy't doel ha oer âld skrift soene it tsjin elkoar opnimme: wa kin it bêst âlde hânskriften lêze?

18:29
Wurknimmer Friesland Lease net besmet

De meiwurker fan Friesland Lease yn Drachten, fan wa't earder hjoed tocht waard dat er ek besmet wie, hat it firus net. Dat is de útslach fan in test, seit direkteur Jan Baljeu.

Ut foarsoarch waarden sa'n njoggen meiwurkers nei hûs ta stjoerd.

17:13
Soan net besmet

De 17-jierrige soan fan it mei corona besmette pear op De Gordyk is net besmet mei it coronafirus. Dat seit it Bornego College, dêr't de jonge op skoalle sit. De âlders fan de oare learlingen ha in mailtsje krigen. Tiisdeitemoarn waard bekend dat it firus fêststeld is by de heit en mem fan de jonge. De jonge waard dêrnei ek test.

16:45
Friese Poort ekstra sunich mei mûlekapkes

By de soarchopliedingen fan ROC De Friese Poort binne se suniger as oars mei mûlekapkes. Dat meldt in wurdfierder fan de skoalle.

By de oplieding foar toskedokters-assistinte moatte de learlingen normaal in mûlekapke op, as se mei in dummy oefenje. No hoecht dat net, om de kapkes te sparjen. "Als een ziekenhuis ze dan nodig zou hebben, kunnen ze bij ons terecht", seit de wurdfierder. De skoalle hat dêr noch gjin kontakt mei it sikehûs oer hân.

Foto: ANP
16:42
"Rêstich bliuwe"

Aldereinsoarchorganisaasjes De Friese Wouden en ZuidOostZorg mei lokaasjes en teams op De Gordyk wolle benammen rêstich bliuwe, no't in besmetting mei it coronafirus dêr fêststeld is. Dat dogge se troch beskikbere ynformaasje oer besmettingsprevinsje aktyf te kommunisearjen nei personiel, bewenners en besikers.

Beide ynstellingen fernimme dat it personiel mei in soad fragen sit. Dirk Jan Veenstra fan ZuidOostZorg: "Meiwurkers freegje bygelyks: ik bin snotterich, kin ik dan wol wurkje?" De soarchynstellingen nimme al in skoft maatregelen op oanwizing fan it RIVM en de GGD. It RIVM beskôget âlderein fan boppe de 70 as in risikogroep.

Dizze posters wurde ferspraat - Foto: Zuidoostzorg
16:26
Wedstriid Hearrenfean giet net troch

De wedstriid tusken Willem II en SC Hearrenfean giet sneon net troch. Ferskate grutte eveneminten yn Noard-Brabân geane net troch om it firus. Festivals, beurzen en proffuotbalwedstriden binne ôfsein.

15:51
Maatregels SC Hearrenfean

Ynterviews mei trainers en spilers fan Sportklup Hearrenfean kinne foarearst allinnich noch mar telefoanysk ôflein wurde. Ferskate aktiviteiten op de klup geane ek net troch. It binne ekstra maatregels dy't de klup nimt tsjin it coronafirus, njonken de advizen fan it RIVM en de GGD. Lês hjir mear.

15:17
Reaksjes op De Gordyk

Auke Reidinga, behear- en hoarekameiwurker fan kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk: "Foaralsnoch giet alles noch gewoan troch. Wy hâlde kontakt oan mei de gemeente en folgje de advizen op. Wy libje mei mei de famylje. It wie in kwestje fan tiid dat it hjir yn de omkriten komme moast. Ik tink dat wy Friezen wol aardich nochteren binne." Eveneminten yn De Skâns geane gewoan troch en ek de ferieningen dogge wat sy altyd dogge.

Der binne lykwols wol pompkes mei sjippe by de yngong delset. "Baat het niet, dan schaadt het niet, sis ik altyd mar. Eltsenien stiet it frij dizze pompkes te brûken."

Jikke van den Berg-Paulusma sit by de kaartklup yn De Skâns: "Wy kinne der neat oan dwaan. Mar net tefolle fan hûs, mar je witte net hoe't je it krije. Ik hie gjin berjochten heard, dus ik wist ek net dat it firus hjir wie. Ik sei lêst tsjin myn man doe't it yn Japan wie: 'Moast mar rekkenje, duorret mar efkes, dan hawwe wy it hjir ek.' 'No dat sil wol wat meifalle tink,' sei er. No, hoe hurd is it wol net gien. Wy hawwe it ek al."

In oare ynwenner fan De Gordyk wol it leafst net dat eltsenien him sa drok makket: "De kans dat het je treft is er, maar je moet het niet overdrijven. Het leven is niet zonder gevaren en risico's. Eigenlijk is er veel te veel aandacht voor zo langzamerhand. Het mag wel een tandje minder. Elk jaar gaan er aan de griep duizenden mensen dood. Dit gaat nu misschien wat heftiger, maar veel meer dan dat is het ook niet."

15:09
Klasgenoaten Bornego College: "It is wol efkes skrikke"
Klasgenoaten op it Bornego College - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Lês hjir de reaksje fan in pear klasgenoaten fan de jonge út de húshâlding dêr't it firus fêststeld is.

(advertinsje)
(advertinsje)