Ekstra telefyzje- en radio-útstjoering oer coronafirus yn Fryslân

Om 10.00 oere is der by Omrop Fryslân in ekstra telefyzje- en radio-útstjoering oer de earste gefallen fan coronafirus yn Fryslân. Tiisdeitemoarn waard bekend dat in pear fan De Gordyk it firus oprûn hat. It stel sit mei harren soan yn thúsisolaasje. De GGD jout om 10.00 oere mear taljochting op in parsekonferinsje. Dy is ek op ús webside en sosjale media te folgjen.
© Shutterstock