Kollum: "Spitich dat de hel net bestiet"
"In skoftke lyn ha ik in wiidweidich ynterview lêzen mei Ahmed Marcouch, de boargemaster fan Arnhem. Dêryn giet it om syn ferset tsjin salafistyske organisaasjes. Doe't er noch foar de PvdA yn de Twadde Keamer siet, warskôge er dêr al foar. Yn 2015 hie er in foarstel dien om sokke organisaasjes te ferbieden, in moasje dy't it kabinet doe fersmiet
Marcouch wit wêr't er oer praat. It nijs dat bern op moskeeskoallen massaal yndoktrinearre wurde om de Nederlânske maatskippij en oarstinkenden te haatsjen, fernuveret him dan ek net. Hy stelt dat it salafistyske tinksysteem it ôfwizen fan de rjochtssteat ynhâldt, it fersmiten fan demokrasy, de eigen mienskip superieur achtet en de opfetting huldiget dat prinsipieel elkenien dy't oars of oarsleauwich is, dea moat.
Marcouch stiet net allinne as it oer de ferdjerlike ynfloed fan salafistyske organisaasjes giet. AIVD-direkteur Dick Schoof warskôge dêr ek foar. Dat die er op de earste dei fan de miny-enkête nei fertochte jildstreamen út ûnfrije lannen nei moskeeën. Schoof sei dat in twadde generaasje salafistyske oanjeiers op langere termyn in serieuze bedriging foar de Nederlânske rjochtssteat foarmet. Dy oanjeiers fan de fundamintalistysk-islamityske streaming stribje nei in parallelle maatskippij dêr't de Nederlânske wetjouwing net jildt. Dat sawol Marcouch as Schoof gelyk ha is mar al te dúdlik wurden.
Yllustratyf wie it optreden fan imam Salam, de foarsitter fan de Al-Fitra Moskee, wilens dyselde miny-enkête. Syn hâlden en dragen foar de parlemintêre kommisje oer wie planút ûnbeskoft. Hy wegere ferskate kearen om antwurd te jaan op fragen, prate dêr trochhinne, makke dúdlik dat er de kommisje net erkende en neamde it ûndersyk in poppekast. 'Logysk,' sei Marcouch letter yn in kommentaar, 'want Salam syn ideaal is de sharia en in islamityske steat.'
Lyksa yllustratyf wie it hâlden en dragen fan Gökmen Tanis ôfrûne wike, de man dy't foarich jier yn in tram fjouwer minsken deade en oaren swier ferwûne. It fergif fan it radikaal fundamintalisme makke dat er grutsk wie op syn dieden, famylje fan slachtoffers útlake en bespotte yn de rjochtseal, minsken ûnder flibe, de middelfinger opstuts, die as ferfeelde er him en plysjes útdage. Wat er die wie sjen litte dat er Nederlân en syn rjochtssteat minachte. Net erkende. Dat er die wat er die foar syn leauwe.It wie pynlik om it proses te folgjen, om de ferklearringen fan neibesteanden te lêzen, harren wanhope en fertriet mei te fielen.
Oft it godstsjinstich motyf fan Gökmen Tanis oprjocht wie of net is net relevant: it fergif hat syn wurk dien. It bittere is dat er troch in rjochtssteat beoardiele wurdt dy't er net erkent, en dat soks tagelyk ek de krêft fan dy rjochtssteat is. Mar yn alle earlikens, freonen en freondinnen, ha ik ôfrûne wike faker as ien kear tocht dat it spitich is dat de hel net bestiet. Nim it my net kwea ôf."