Gemeenteried Ljouwert stimt yn mei opfangen flechtelingbern

10 mrt 2020 - 07:05

De gemeenteried fan Ljouwert stiet iepen foar de opfang fan in oantal flechtelingbern, dy't no noch op it Grykske eilân Lesbos fêstsitte. In mearderheid stimde moandeitejûn yn 'e riedsgearkomste foar in moasje om de bern ûnderdak te jaan yn de gemeente.

Foto: Gemeente Ljouwert

De moasje kaam fan de riedsfraksjes PvdA, PAL GroenLinks, ChristenUnie en D66 en waard oannaam mei 20 stimmen foar en 15 tsjin.

De moasje komt nei in oprop fan Defence for Childeren, Stichting Vluchtelingen en VluchtelingenWerk Nederland, dy't Nederlânske gemeenten fregen om 500 kwetsbere bern in feilich plak te jaan yn Nederlân. De bern sitte al langere tiid fêst op it Grykske eilân Lesbos, sûnder famylje of goede foarsjennings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)