Boargemaster slút drugsloads oan It Dok op It Hearrenfean

Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat in drugspân oan It Dok op It Hearrenfean sletten. Neffens de gemeente fasilitearren de hierders fan de loads de drugshannel, en dan benammen himpkwekerijen.
© Pixabay
De loads is foar seis moannen sletten. It gebou is fersegele en der hingje posters mei ynformaasje oer wêrom't dat dien is. "Door het pand te sluiten, is er in ieder geval een schakel in de keten van drugshandel weggehaald", seit de boargemaster.