Monumentenwacht Fryslân: te folle beheiningen by ynspeksjes tuorren

10 mrt 2020 - 06:00

Monumentenwacht Fryslân is beheind as it giet om de ynspeksjes op tuorren. Dit seit boukundich ynspekteur Wijtze Peenstra nei oanlieding fan in ûndersyk dat Omrop Fryslân dien hat nei de feiligens fan Fryske tuorren. De kontrôles binne net ferplichte en de tuorren binne faak min berikber, wêrtroch't de ynspekteurs lang net alles besjen kinne.

Nei oanlieding fan twa ûnfeilige situaasjes mei de tuorren fan it stedhûs yn Boalsert en Hobbe van Baerdt-tsjerke op De Jouwer is Omrop Fryslân yn de wrâld fan de tsjerketoer dûkt. Hoe koe dit barre? En hoe grut is de kâns dat itselde oan de hân is by oare tuorren? De ynspekteurs, eigeners, mar ek de bestrider fan de grutste pleach fan de tuorren komme yn de kommende dagen oan it wurd.

Monumentenwacht Fryslân is in organisaasje dy't ynspeksjes útfiert op in soad monumintale gebouwen mei tuorren. It doel is om it ferfal fan monuminten foar te kommen. Mar dy kontrôles binne net ferplichte.

Gjin ferplichting

Hast alle gebouwen mei tuorren binne Ryksmonumint en falle ûnder de Erfgoedwet. Yn dy wet stiet dat de eigener it monumint ûnderhâlde moat en dat de monumintale eleminten burgen binne. Hoe't in eigener dit dwaan moat en wat dat ûnderhâld krekt betsjut, stiet der net yn beskreaun.

Ynspeksjes binne dêrom ek net ferplichte. Allinnich as de eigener subsydzje brûkt foar it ûnderhâld en de restauraasje is in ynspeksje ferplichte. Wol de eigener dit, dan kin dit fia Monumentenwacht of bygelyks in eigen boukundige.

Foto: Omrop Fryslân

Net goed te sjen

De ynspekteurs geane de hiele toer by del. Fan binnen en fan bûten. Yn de toer is net alles like goed te sjen. It makket it dreech om in toer foar de folle hûndert persint te beoardieljen.

We zijn geen stuntmannen. We gaan geen dingen proberen te bereiken waar een aanzienlijk valgevaar aan verbonden is.

Wijtze Peenstra, Monumenwacht Fryslân

De problemen by in ynspeksje begjinne by de foarm fan de toer. Der binne in soad spitse tuorren dêr't je net goed by kinne. Likegoed oan de binnen- as oan de bûtenkant. Peenstra: "We zijn geen stuntmannen. We gaan geen dingen proberen te bereiken waar een aanzienlijk valgevaar aan verbonden is." Dêrom wurdt de ynspeksje meastentiids dien mei in fierrekiker, mar dan kin it ynspeksjebedriuw noch hieltyd net alles goed fan tichteby besjen.

Dêrneist binne toerspitsen faak betimmere mei hout of ynklaaid mei lead. "Dit is vroeger gedaan om de constructie te beschermen", fertelt Peenstra. Se kinne it hout of lead der net samar ôf helje om't se gjin destruktyf ûndersyk dogge. "We mogen niks verwijderen om erachter te kijken. We gaan niet een hele vloer eruit trekken om te kijken wat eronder zit. Dat doen we alleen als er een sterk vermoeden is van een noodzaak om dit uit te voeren. Dan wordt dit in samenspraak met de eigenaar gedaan."

Hoe is der op De Jouwer en yn Boalsert ynspektearre?

Peenstra fertelt dat harren ûndersyk by tuorren dêrom beheind is ta wat se sjen kinne op dat momint. Dit is ek bard mei de tuorren op De Jouwer en yn Boalsert. "Er is een inschatting gemaakt van aantastingen die niet visueel te beoordelen waren. Er waren plekken die niet op een veilige manier bereikbaar zijn voor ons."

It iennige wat sy op it stuit dwaan kinne, is hjir in advys oer skriuwe. "We zetten het natuurlijk ook altijd in onze onderzoeksrapporten dat we niet alles konden inspecteren, maar dan is het aan de eigenaar om daar wat mee te doen. Wij geven alleen het advies." En dat is net altyd maklik, jout Peenstra oan. "Dat is soms wel eens lastig en een beperking. Maar we doen er alles aan om dit op de juiste manier te beoordelen."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)