Cambuur-spiler Mühren oer syn goals tsjin Jong AZ: "Ze worden met de week mooier"

09 mrt 2020 - 23:49

Robert Mühren fan SC Cambuur wie nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ mear as tefreden oer de goals dy't hy makke. De Ljouwerters wûnen ienfâldich mei 3-0 fan de Alkmaarders. Twa fan de trije doelpunten kamen fan de skoech fan Mühren.

Robert Mühren

"Ze worden met de week mooier, ik moest er zelf ook om lachen", sei in blide Mühren. In ferklearring foar syn goede prestaasjes fan de ôfrûne wiken hat er net. "Ik weet het niet, vul jij het maar in. Het is voor het eerst dat ik geen antwoord kan geven", sei er tsjin sportferslachjouwer Andor Faber.

Uteinliks fynt er it wichtichste dat Cambuur wûn hat. "Laten we even het belangrijkste voorop stellen en dat is dat we hier gewoon met 0-3 winnen en dat we nog negen finales te gaan hebben." Hy hâldt der net fan om oer himsels te praten en hat it leaver oer it ferrin fan de wedstriid en de prestaasjes fan syn teamgenoaten.

Foto: www.orangepictures.nl

De tredde goal fan Michael Breij fynt Mühren miskien dan ek wol moaier as de twa dy't er sels makke hat. "Alle credits naar Michael."

Sûnder wjergea

Trainer Henk de Jong fûn alle trije goals moai en hie it wol ferwachte dat Mühren wer goed prestearje soe. "Ik sjoch der net raar fan op. Ik wurkje alle dagen mei dy jonge en hy hat fertrouwen. Hy wurket ek sa allemachtich hurd foar it team en tinkt mei my mei. It mantsje is 'weergaloos' yn bepaalde dingen, moai stean litte."

Net allinnich oer Mühren wie er tefreden, mar oer de hiele ploech. "De jonges op de bank ek. Dy libje mei, dat is net normaal."

Henk de Jong

Mees Hoedemakers spile moandeitejûn tsjin syn âlde ploech. "Dan is het wel extra lekker om te winnen", jout er earlik ta. "Ik keek er heel erg naar uit om deze wedstrijd te spelen, om deze gasten weer even te zien."

Oer de moaiste goal fan de jûn hoecht Hoedemakers net lang nei te tinken. "Die eerste natuurlijk, daar hoeven we niet lang over te praten. Die 'Muurtjes' doet het gewoon weer. Genieten, ik kan niet anders zeggen." Hy sjocht ek dat Mühren se der út alle hoeken en stannen wei binnensjit. "Ik ben er alleen maar blij mee, maar het is ongelofelijk."

Mees Hoedemakers

(Advertinsje)
(Advertinsje)