Mearderheid gemeenteried Amelân stipet nijbouplan De Stelp

De KwadrantGroep sil in nij âldereintehûs bouwe op It Amelân by de lokaasje Ons Hol yn Hollum. In mearderheid fan de gemeenteried liket foar dit plan die moandeitejûn bliken by in kommisjegearkomste.
© Google Street View
Der wurdt al jierren praat oer nije húsfêsting foar de âlderein dy't no húsfêste is yn de Stelp, ek yn Hollum. In soad bewenners en Amelanners woene graach dat op it besteande plak in nije foarsjenning komme soe foar de âlderen, mar neffens de KwadrantGroep soe dit te lyts en fierstente djoer wurde.
In petysje tsjin nijbou smiet 1.000 hantekens op en Eveline Stuffers fan de aksjegroep tsjin nijbou is dan ek teloarsteld oer it foarnimmen fan de gemeenteried.
Op 23 maart sil de gemeenteried it beslút definityf nimme, mar in mearderheid is no yn alle gefallen foar nijbou by Ons Hol.
Eveline Stuffers fan de aksjegroep tsjin nijbou fan De Stelp