Finansjele strop gemeente Hearrenfean driget troch tekoart Sportstad

09 mrt 2020 - 22:51

De gemeente Hearrenfean hat der wer in finansjeel pineholledossier by. Nei tekoarten op de WMO en soarchlike berjochten oer Thialf, giet it no om it sportsintrum fan Sportstad Heerenveen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It sportsintrum hat te krijen mei in struktureel tekoart fan goed seis ton yn it jier. Advysburo Synarchis stelt dit yn in ûndersyksrapport oan de gemeente. It buro jout wol wat suggestjes ta ferbettering, mar dy lykje by lange nei net genôch.

It kolleezje bestudearret it rapport op it stuit, mar de earste politike reaksjes komme al los. Heerenveen Lokaal-fraksjefoarsitter en âld-wethâlder Age Hartsuiker wol fan het kolleezje hiel krekt witte hoe't dit no kin. By de start waard sein dat it sportsintrum fan Sportstad Heerenveen him yn de eksploitaasjes sels rêde koe, mar dat blykt dus bepaald net it gefal. Neffens Hartsuiker hat Sportstad in hiel wichtige funksje, mar moat der mar ris lûdop sein wurde wat it de gemeente jier op jier kostje sil.

Wethâlder Jelle Zoetendal hat moandei yn in kommisjegearkomste befêstige dat der jild efteroan moat. De ried wurdt noch fierder ynformearre mei in brief fan in rekkenkeamerûndersyk oer hoe't it sportsintrum kwa bv's krekt yninoar stekt en hoe't de ferantwurdlikheden lizze.

Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal

(advertinsje)
(advertinsje)