SC Cambuur boekt ienfâldige winst op Jong AZ en makket wer in gat mei De Graafschap

09 mrt 2020 - 22:14

SC Cambuur is wer rom koprinner yn de Keuken Kampioen Divisie. Op sportpark Wijdewormer waard mei 3-0 wûn fan Jong AZ. Oan de hân fan topskoarder Robert Mühren makke de ploech fan Henk de Jong foar rêst al dien wurk. De Ljouwerters stean no wer fjouwer punten los fan konkurrint De Graafschap.

Foto: Orangepictures

Nei hast tsien minuten kaam it earste gefaar fan Robert Mühren, mar de spits fan de Ljouwerters krige de foet net goed tsjin de bal, en dêrtroch wie it in ienfâldige bal om op te pakken foar keeper Rody de Boer. Cambuur wie de hiele earste helte better, en like ek op foarsprong te kommen, mar Oratmangoen (skot keard troch De Boer) en Doke Schmidt (rebound heech oer it doel) slaggen der net yn it net te finen.

Dat die topskoarder Mühren even letter wol. Mei in doelpunt dat like op de goal van Marco van Basten op it EK fan '88 sette hy de Ljouwerters yn Wijdewormer op 0-1. Dêrnei barde der oant tsien minuten foar rêst net folle, ek om't Cambuur net hiel goed spile, mar it waard wol 0-2. Mühren sette mei syn twadde suksesfolle folly de stân op 0-2. Op slach fan rêst kaam Cambuur goed fuort, om't in scrimmage foar it doel fan keeper Sonny Stevens wol kânsen opsmiet, mar gjin goals foar Jong AZ.

Twadde helte

De twadde helte wie fan beide kanten net bysûnder. In hichtepunt wie dan ek wolkom, en dêr soarge Michael Breij foar. Hy skeat de bal fanút in folly krekt foar it doel del. In kertier foar de ein fan it duel krige Cambuur de kâns op 0-3, mar de foarset fan Mühren koe net binnen tikt wurde troch Robin Maulun.

Krekt foar it einsinjaal kamen de Ljouwerters dochs noch op 0-3. Wer troch in folly, mar dizze kear net troch Mühren. Rjochtsbûten Breij skeat de bal nei in goede foarset kalm mei de binnenkant rjochts fia de ûnderkant fan de latte yn de goal.

Jong AZ - SC Cambuur: Robert Mühren ('20), Robert Mühren ('36), Michael Breij ('90+4)

Opstelling SC Cambuur: Steven, Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Schmidt, Maulun, Hoedemakers ('76/Akoy), Jacobs, Oratmangoen ('74/Antonia), Mühren ('84/Ladan), Breij

(advertinsje)
(advertinsje)