Minister Schouten nûget organisaasjes foar kringlooplânbou út foar petear

09 mrt 2020 - 21:26

Minister Carola Schouten reagearret posityf op it inisjatyf fan sa'n sechstich organisaasjes dy't in 10-stappeplan oer natuerynklusive kringlooplânbou yntsjinne ha. Ek wol de minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn petear mei in delegaasje fan de organisaasjes.

Minister Carola Schouten sprekt dielnimmers kringloopkuier ta - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De organisaasjes trune der by it kabinet op oan om grutte stappen te setten op it mêd fan natuerynklusive kringlooplânbou. Yn jannewaris rûnen se de Kringloopkuier om harren plan te oerlangjen. Neffens ûnder oare natuerorganisaasjes is de bêste koartetermynoplossing in langetermynbelied.

Neffens Schouten biedt it ûntwikkeljen fan in langetermynfyzje oan agraryske ûndernimmers hâldfêst foar de takomst. Dêrneist fynt de minister dat der twa needsaaklike betingsten binne om de omslach nei kringlooplânbou meitsje te kinnen. Beide stappen stean ek yn it 10-stappeplan. Der moat yn it earste plak in dúdlike 'stip op de horizon' stean en as twadde moat der in ekonomysk perspektyf bean wurde oan alle belanghawwenden.

Konkreet meitsje

Schouten jout oan dat it troch har opstelde realisaasjeplan foar de fyzje ynfolling jout oan in grut part fan it 10-stappeplan. Sy sil der ek fierder oan wurkje, om bygelyks de klimaat- en stikstofdoelen konkreet te meitsjen. Se wol boeren dy't op it 'goede paad' binne, stypje en giet dêrom ek mei in delegaasje fan dizze groep maatskiplike organisaasjes om tafel. De ôfspraak stiet yntusken pland.

(advertinsje)
(advertinsje)