Haperjend C2000 soarget foar ûnwissigens, mar noch gjin ynsidinten by Plysje Fryslân

09 mrt 2020 - 20:27

Der ha noch gjin grutte ynsidinten west, mar der is wol ûnwissigens by de plysje yn Fryslân troch problemen mei it fernijde C2000-kommunikaasjesysteem. Sûnt de oerstap nei it nije systeem yn jannewaris binne der by de plysje yn it hiele lân klachten, om't it systeem haperet.

Foto: Meldkamer Noord-Nederland

Sa koenen plysjeminsken yn Brabân de sintrale net berikke by in gefjocht en in oanhâlding. Plysjefakbûn ACP stjoerde freed nei oanlieding fan de klachten in brânbrief nei minister Grapperhaus fan Justysje en Feiligens. Wurdfierder Robert-Jan Valkema fan Eenheid Noord-Nederland: "C2000 is de lifeline van de politie. Je moet er blindelings op kunnen vertrouwen. Eind januari heeft er een migratie plaatsgevonden en daarna is de techniek nog niet stabiel."

Neist de plysje brûke ek de brânwacht, it ambulânsepersoniel en Definsje it C2000-systeem. By dy partijen binne der gjin klachten. Dat komt neffens in brief fan minister Grapperhaus oan de Twadde Keamer trochdat se minder yntinsyf gebrûk meitsje fan it netwurk as de plysje.

Situaasje yn Fryslân

Yn Fryslân ha der noch gjin ynsidinten west dy 't fergelykber binne mei bygelyks de tafrielen yn Brabân. Dochs spilet de ynstabiliteit hjir ek. Valkema: "Het netwerk is nog niet stabiel en dat geeft onzekerheid. Er zijn problemen met de continuïteit, verbinding en dekking. Dat is wat er speelt in ons gebied."

C2000 is in sletten kommunikaasjenetwurk, bedoeld foar de Nederlânske help- en feiligenstsjinsten. Der wurdt ek wol sprutsen fan missykrityske kommunikaasje, wat ynhâldt dat immen syn feiligens ôfhinget fan de kommunikaasje. In iepenbier netwurk is dêr net geskikt foar.

Yn syn brief jout minister Grapperhaus oan dat it oplossen fan de problemen syn heechste prioriteit hat. Updates moatte der foar soargje dat it systeem yn de takomst stabiler funksjonearret.

Fernijd C2000

Om't it âlde systeem technysk ferâldere wie, is der de ôfrûne jierren yn it hiele lân nije apparatuer pleatst. Hûnderten opstelpunten binne ferfongen of nij boud. Eartiids waard apparatuer fan Motorola brûkt, mar nei in oanbesteging yn 2018 waard it projekt gund oan it Sineeske Hytera. Ein jannewaris waard de oerstap op it nije systeem makke.

Foto: Plysje

It digitale C2000-systeem wurdt sûnt 2005 brûkt. Foardielen oangeande âldere systemen: it kin net samar ôflústere wurde, der binne grutte ôfstannen mei te berikken en der kin mei in protte minsken tagelyk kommunisearre wurde.

Sineeske priisfjochter

Henk van Beek fan Verbinding Magazine, in blêd oer missykrityske kommunikaasje, begrypt net dat der foar Hytera keazen is. "Hytera had geen ervaring met het opzetten van een netwerk van dit formaat."

Johan de Haan fan FE Telecom yn Stiens ferhiert en ferkeapet portofoans fan it Sineeske merk. Hy tinkt dat der by de oanbesteging foaral nei de priis sjoen is. "It is in priisfjochter, it is faak modern guod mei in soad mooglikheden. It is Sineesk en wolris wat minder trochtocht. Dêr rin ik wolris tsjinoan."

Hytera kaam de ôfrûne jierren geregeld negatyf yn it nijs. Nei de oanbesteging warskôge de AIVD foar risiko's op misbrûk troch de Sineeske oerheid. Nei ûndersyk die bliken dat de risiko's meifalle soene. Yn febrewaris wûn Motorola in rjochtsaak tsjin Hytera om't it bedriuw geheimen en patinten stellen hie.

It kin neffens Van Beek en De Haan noch wol in skoft duorje foardat it systeem goed wurket. Van Beek tink dat de problemen noch wol oant 2021 duorje kinne. "Bij een gewoon telefoontje gaat het om een enkele verbinding. De politie zit soms met honderden op een kanaal. Dat maakt het bijzonder complex."

Ferslachjouwer Earryt Sijens yn petear mei Johan de Haan en Henk van Beek

(advertinsje)
(advertinsje)