UPDATE: Earste ljipaaien gemeenten Smellingerlân en Súdwest-Fryslân fûn

09 mrt 2020 - 21:47

De earste ljipaaien fan de gemeenten Smellingerlân en Súdwest-Fryslân binne fûn. Auke Tuinstra út Drachten fûn it by De Wylgen en Sjoerd van der Hem út Jorwert by Skearnegoutum.

Súdwest-Fryslân

It earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân is moandeitemiddei fûn troch Sjoerd van der Hem út Jorwert. Hy fûn it aaike flakby Skearnegoutum, sa meldt it Fryske fûgelwachtbûn BFVW.

Van der Hem wie op wei nei hûs, doe't er besleat syn auto te parkearjen en it fjild yn te gean om te sykjen. Net folle letter fûn er it nêst mei it aai. Mei de fynst is it frije fjild fan Súdwest-Fryslân sletten.

Smellingerlân

Krekt foar tsjuster waard noch it earste ljipaai fan de gemeente Smellingerlân fûn. Auke Tuinstra út Drachten fûn by De Wylgen in 'ientsje' yn in maislân. It is de tredde kear dat Tuinstra it earste aai fan Smellingerlân fynt.

Teller op seis gemeenten

Mei de fynst yn Smellingerlân stiet de teller foar moandei op seis gemeenten en acht aaien, meldt it Fryske fûgelwachtbûn BFVW. It earste Fryske ljipaai fan 2020 waard ôfrûne snein fûn troch Michel van der Goot by Aldegea yn de gemeente De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)