Supermoanne boppe Fryslân: grutter en ljochter as normaal

Moai nijs foar romantisy, want moandeitejûn is der in supermoanne te sjen. Alteast as de loft boppe ús provinsje net te bot berûn is. It is folle moanne en de moanne stiet op syn tichtst by de ierde. Dat betsjut dat de moanne sa'n 7 prosint grutter is en wol 14 prosint mear ljocht jout.
Supermoanne (argyffoto) © Thea Kommerie-Bosma
It effekt is it grutst oan it begjin fan de jûn, mar de hiele nacht sil it formaat en de ljochtsterkte opfalle. De baan fan de moanne om de ierde is ovaal en dat betsjut dat de ôfstân ta de ierde fariearret, rûchwei tusken de 357.000 en 406.000 kilometer. Om't de moanne ek eb en floed bepaalt, sil dêr ek in effekt te sjen wêzen. De floed sil dúdlik heger wêze.
De supermoanne is net in hiel útsûnderlik ferskynsel. Guon jierren komt it hielendal net foar, mar oare jierren meardere kearen. Dat is yn 2020 ek sa. It soe dêrom sa mar kinne dat de supermoanne yn april fan dit jier alwer te sjen is.
Hans Molema fan it Observeum yn Burgum oer de supermoanne