Jonge mei Downsyndroom siket nije sjauffeur nei syn wurk yn Drachten

09 mrt 2020 - 17:50

Jeroen wurket al sûnt de iepening yn 2016 by Brownies & Downies yn Drachten. Om dêr te kommen hat hy ferfier nedich fan Mearum nei Drachten ta, mar syn sjauffeur hâldt der mei op. Jeroen is no op syk nei in nije sjauffeur.

Jeroen siket in sjauffeur - Foto: Brownies & Downies Drachten

Jeroen is in jonge mei it syndroom fan Down. Hy sjongt graach lûd mei de radio mei en kin dy alles oer fuotbal fertelle. "Hij houdt ervan om een lolletje te maken, wil altijd overal mee helpen en vindt achter de bar staan echt fantastisch. In de bediening is hij ook een ster", fertelt Yvonne Beuker fan Brownies & Downies.

Jeroen wit no eins net hoe't hy by syn wurk komt. Syn mem of kollega's ride noch wolris, mar dy kinne ek net altyd. Dêrom siket Jeroen no in nije sjauffeur. "Hij wordt er heel stil en verdrietig van dat hij niet weet waar hij aan toe is. Hij trekt zich heel veel terug. Normaal gesproken is het altijd een vrolijke jongen die op de werkvloer staat en nu moeten we hem echt meeslepen." Der wurdt no ien socht dy't Jeroen op tongersdei en freed fan Mearum nei Drachten ride kin.

Jeroen siket in nije sjauffeur

Minsken dy't it aardich fine soene om ûnderweis fan Mearum nei Drachten en werom in soad gesellichheid fan Jeroen te hawwen, kinne harren oanmelde fia drachten@browniesanddownies.nl of even skilje nei 0512-776361.

(advertinsje)
(advertinsje)