Wurkstraf foar Ljouwerter dy't syn hûn slim fertutearze

In 68-jierrige man út Ljouwert is feroardiele ta in wurkstraf fan 90 oeren om't er syn hûn slim fertutearze hie. De man moast moandei yn de rjochtbank ferskine, mar liet him dêr net sjen.
Foarbyldfoto fan in hûn © Shutterstock
Yn febrewaris 2018 seach in meiwurkster fan de Landelijke Inspectiedienst Dierenbescherming (LID) ûnder hokker omstannichheden de hûn libje moast. De ynspektrise konstatearre dat it bist hiel meager wie - de ribben en bonken wiene dúdlik sichtber - en dat de hûn ûnder de keale plakken siet, bulten op it lichem hie en muoisum bewege.
De romte yn de wente oan de Eikenstraat dêr't it bist yn libbe, wie smoarch. Der stiene gjin itensbakjes en it like as hie de hûn de rubberen matrassen oanfretten. Yn de keamer lei ek poep fan de hûn.
Neffens in bistedokter wie de hûn slim fermeagere en hy er in flinke hûdûntstekking. De hûn woech 28 kilo, wylst in sûne hûn tusken de 40 en 45 kilo wage moat.

Te swak om te behanneljen

De hûn wie neffens de bistedokter te swak om te behanneljen. Syn baaske hie tsjin de plysje sein dat de hûn al tsien jier kanker hie. Hy sei neat te witten fan de hûnepoep yn syn wente en fûn dat de hûn werom moast nei him, om't dat it bêste wêze soe foar de hûn. Dat is net bard, it bistke is úteinlik út syn lijen ferlost.
De troch de ekonomyske plysjerjochter opleine straf is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje: 90 oeren wurkstraf.