Wedstriid fan de Wike: Sint-Truiden tsjin Anderlecht

09 mrt 2020 - 16:58

Sint-Truiden tsjin Anderlecht is dizze wike de Wedstriid fan de Wike. Wy kinne ús yntinke datst tinkst: huh? Mar it komt troch in spiler dy't op dit stuit de bêste Fryske fuotballer is. Michel Vlap út Snits spilet nammentlik by Anderlecht en is de lêste wiken op dreef. Ferline wike makke hy twa goals, sneon skoarde hy sels trije kear. Undere oare mei tank oan Vlap docht Anderlecht noch reedlik boppeyn mei.

Sportferslachjouwer Roelof de Vries: "Ik jou it ta, it is wat in frjemde kar, Sint-Truiden - Anderlecht. Mar Vlap is op it stuit wol de bêste Fryske fuotballer dy't we ha. En hy docht it goed." Anderlecht wie dramatysk begûn oan it seizoen, mar de lêste wiken rint it in stik better mei it Ajax fan België. Se stean noch mar achtste, mar se kinne de kampioenspûl noch helje. "Mar dan binne se wol fan in hiel soad ôfhinklik."

Foto: Omrop Fryslân

Snein wurdt de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje spile. As Anderlecht wint en Genk en Mechelen spylje tsjin elkoar lyk, dan mei Anderlecht dochs nei de kampioenspûl. "En dat ha se mei te tankjen oan Vlap. Hy hat no alve kear skoard en sûnt de winterstop spile hy sa goed as alles. Hy stiet no as nûmer fiif op de topskoardersranglist. Foar in middenfjilder is dat hiel knap."

Omrop Fryslân giet mei Vlap Brussel yn. Hy lit ús sjen hoe moai oft de Belgyske haadstêd is en hoe't it stadion derútsjocht. Dy reportaazje is freed te sjen yn Fryslân Hjoed en op dizze webside.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)