Earste ljipaai fan de gemeente De Fryske Marren fûn by Dolsterhuzen

09 mrt 2020 - 16:03

Jan de Vlas fan Ychtenbrêge hat moandeitemiddei by Dolsterhuzen it earste ljipaai fan De Fryske Marren fûn. Eins is it it twadde aai fan dy gemeente, want it earste provinsjale ljipaai waard dêr ek fûn.

Jan de Vlas - Foto: Facebook BFVW

De Vlas trof it ientsje om 13.30 oere hinne oan yn in maisfjild yn de buert fan de Tsjûkemar. It frije fjild fan de gemeente De Fryske Marren is dêrmei sletten.

Earder moandei waard ek it earste ljipaai fan de gemeente Opsterlân fûn, troch Albert Bosma. Snein fûn Michel van der Goot it alderearste aai fan De Fryske Marren.

(advertinsje)
(advertinsje)