Kringloophal Easterwâlde no offisjeel ticht fanwegen drugs

09 mrt 2020 - 15:31

De gemeente Eaststellingwerf hat it pân fan de kringloopwinkel oan de Dertien Aprilstrjitte yn Easterwâlde moandei offisjeel foar in heal jier sletten. De gemeente wol dêrmei in ein meitsje oan de drugsrelatearre aktiviteiten dy't dêr plakfûnen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By in grutte aksje oardel wike lyn die de plysje in ynfal by de kringloopwinkel, krekt as it by in tal oare lokaasjes. Dêrby waarden in soad wapens en drugs fûn. De hierder fan de kringloopwinkel sit fêst. Dat jildt ek foar njoggen oare minsken. Trije fertochten yn de saak komme út Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)