HEA! Rugby libbet wer yn Snits

09 mrt 2020 - 15:09

Rugbyklup Snits makket in revival troch. Fan 1985 oant 2002 waard der rugby spile yn Snits, mar omdat der te min jeugd en kader wie, hold it op. De klup is no wer nij libben ynblaasd. Albert-Jan van der Wal naam it inisjatyf en benadere âld-spilers en -bestjoerders. Yntusken binne der alwer 35 entûsjaste leden.

(advertinsje)
(advertinsje)