Part kademuorren Kollum moat wer ferlege wurde

Ferfelend nijs foar de omwenners fan de Djipswâlen yn Kollum: in part fan de nije kademuorre moat 50 sintimeter omleech. Dat blykt út korrespondinsje tusken de gemeente Noardeast-Fryslân en de bewenners, dy't yn hannen is fan de Leeuwarder Courant. It is al de safolste ôffaller yn it sintrum fan Kollum.
© Google Street View
"Yn de krante stie dat de hiele kademuorre wer nei beneden brocht wurde moat, mar dat is net it gefal. Op ien plak moatte we fyftich sintimeter út de kademuorre helje en dan kin it wetter wer goed ôffierd wurde", seit wethâlder Engbert van Esch.
Ek sille der in ekstra kolk en weromslachkleppen pleatst wurde. "As der in soad wetter falt, en dy ekstremen krije we hieltyd faker, kin it wetter krekt net op tiid fuort komme. By nûmer 12 oan de Westerdjipswâl sille we in ekstra kolk pleatse en we sette weromslachkleppen yn it haadrioel om it reinwetter de goede kant op te stjoeren."
De gemeente wol it wurk sa gau as mooglik ôfmeitsje. "Wy wolle de kade tagelyk oanpakke mei de nije kolk en weromslachklep, sadat minsken der mar ien kear lêst fan hawwe." Der sil in skoftke net parkearre wurde kinne en it ferkear sil der wat dreger del kinne. Neffens Van Esch sil de útsnede yn de kademuorre net in grutte kostepost wêze. "We binne der ûngefear 200 euro oan kwyt, dus dêr hoege we net wekker fan te lizzen."
Wethâlder Engbert van Esch oer de wurksumens oan de kades